Hark'Boys yn heale bekerfinale

Harkemase Boys hat de heale finale fan de noardlike beker berikt nei in 2-1 oerwinning yn en tsjin Genemuiden. Oebele Schokker sette de Friezen yn de 14e minút op 1-0. Genemuiden kaam yn de 27e minút werom mei in goal fan Freek van de Berg. Yn de 67e minút wie it wer Schokker dy't mei in prachtige pegel de Boys op foarsprong brocht.
Even letter foel de ferljochting út. De wedstriid waard útspile op in byfjild yn in broeierige sfear, mar de stân bleau 1-2.