Boatsjes fêstrûn op Griend

Twa boatsjes binne moandeitejûn fêstrûn op it eilân Griend yn de Waadsee. De Brandaris en it Kustwachtsintrum hiene help oanbean, mar de opfarrenden woene dy net oannimme. Se woene it heech wetter ôfwachtsje, mar neffens de helptsjinsten soe it wetter net heech genôch komme om los te kommen.
Tiisdeitemoarn woene se noch hieltyd wachtsje, mar middeis hawwe rêdingsboaten harren toch fan board helle. De boatsjes binne lizzen bleaun.