Mear tempo Drachtster wyk

26 apr 2011 - 20:56

Der is by bewenners fan de Drachtster wyk De Bouwen yrritaasje oer it tempo dêr't de wyk mei opknapt wurdt. Dat die tiisdei bliken by in ynrinbyienkomst oer de wykfernijing. Yn de wyk binne nije huzen boud en wurde âlde wenten renovearre. Der komt ek in multyfunksjoneel sintrum.

Neffens de gemeente Smellingerlân komt de fertraging troch de finansjele krisis. Wenningboukorperaasjes ha minder jild en stelle de projekten út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)