Polderhoofdkanaal mei iepen

26 apr 2011 - 15:16
  • It Polderhoofdkanaal (foto: Omrop Fryslân)

De kâns dat it Polderhoofdkanaal by Nij Beets wer iepen giet, is wer wat tichteby kaam. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat tiisdei in nije ûntheffing jûn foar it weriepenjen.

Der is earder ek alris tastimming jûn, mar dêrmei slagge it net. Minsken dy't it kanaal nei De Feanhoop ôfsletten hâlde woene, wûnen de juridyske striid. Der soe net genôch dien wêze om de natuer te kompensearjen. Dizze kear is dêr better oer neitocht en hawwe de natuerklups it ferset opjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)