Klinyske geriatry Tjongerskâns

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean (foto: Omrop Fryslân)
Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean hat in nije ôdfieling klinyske geriatry. Dêr wurde âlderen ferpleegd dy't in kombinaasje fan lichaamlike, psychyske, sosjale en funksjonele problemen hawwe.
Hieltyd mear minsken hawwe meardere klachten. In groep spesjalisten ûndersiket de pasjint. Yn koarte tiid is dan in totaalbyld fan de pasjint te meitsjen. Op de ôfdieling sels binne ien- en mearpersoanskeamers. Fierders is der in spesjaal ynrjochte húskeamer