Van Dam kommissaris Cambuur

26 apr 2011 - 12:34

Harjan van Dam is taheakke oan de ried fan kommissarissen fan Sportklup Cambuur. Hy krijt it pakket maatskiplike aktiviteiten ûnder syn hoede. Van Dam wie yn 2005 al ris ynterim-direkteur fan de klup, dy't er doe fan in fallisemint rêden hat.

Van Dam is de hjoeddeistige direkteur fan laboratoarium Izore yn Ljouwert en earder wie er baas oer de BV Sport. De oare kommissarissen fan Cambuur binne Ype Smid, Klaas Buwalda en Rudy Douma. Dêr moatte noch twa bykomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)