Brommer rydt troch stek

In 26-jierrige man fan De Rottefalle is op 'e jûn fan peaskemoandei mei de brommer troch in stek riden. Dat wie op 'e Hurddraversdyk yn Drachten. In tsjûge seach dat er syn brommer net mear hâlde koe en troch it stek skeat.
De bromfytser hie gjin helm op en rekke ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Omdat de berider mooglik alkohol dronken hie, is him in bloedproef ôfnaam.