Goede peaskedagen foar Fryslân

26 apr 2011 - 08:19

Sa'n 100.000 minsken fan bûten de provinsje ha de peaskedagen in besite brocht oan Fryslân. Dat hie foaral te krijen mei it prachtige simmerwaar. De Waadeilannen en de Fryske marren wiene de toplokaasje. Bungalows en ek kempings wiene goed beset. Foaral foar kempings is dat unyk. Meastentiids is it noch te kâld om mei de peaskedagen op in kemping te stean. Njonken Nederlanners wiene der ek in soad Dútsers yn Fryslân. Foaral It Amelân is populêr by de Dútsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)