Mindere dei Marit Bouwmeester

Marit_Bouwmeester hie nei har twa earste plakken op de earste dei fan it wrâldbekersilen yn Hyères in lyts dipke. Op peaskemoandei sylde se in 5e, 11e en 27e plak. Yn de klassemint sakke de Laser-radial-sylster nei it 5e plak. Broer_Roelof helle yn de Laser in 3e, 17e en 6e plak. Hy is dêrmei fjirde.
Pieter-Jan Postma kaam twa kear yn aksje. De tredde race waard wûn, yn de fjirde waard er 6e. Dat smyt in tredde plak yn it klassemint yn de Finn op.