Balkbrug: Fabriek 2, De Jong 3

25 apr 2011 - 20:18

De Friezen Dirk Fabriek en Jannick de Jong waarden peaskemoandei twadde en tredde op de gersbaanraces fan Balkbrug. De winst wie foar de Dútser Matthias_Kröger.

Jannick wûn in searje en waard in kear twadde en tredde, genôch foar de grutte finale. Dirk Fabriek moast him fia de B-finale yn de A-finale ride. Yn ien fan de searjes hie Fabriek in opdonder hân en sadwaande te min punten. Dat slagge en ek yn de finale kaam Fabriek noch tichtby de winst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)