'Museum mooglik sûnder jild'

25 apr 2011 - 17:49
  • Foto: Omrop Fryslân

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert ferliest mooglik de rykssubsydzje. It ryk moat besunigje en dêrom wurdt no sjoen nei oft der genôch besikers komme, oft der genôch eigen ynkomsten binne en oft de kolleksje fan grut nasjonaal en ynternasjonaal belang is.

Neffens saaklik direkteur Woering is it noch lang net wis dat it museum de rykssubsydzje ferliest. Mar foar it gefal dat, is it museum al wol yn petear mei ferskate partijen om jild te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)