Natuerbrân ûnder kontrôle

Foto: Harm Weistra (Omrop Fryslân)
De grutte brân yn it Fochtelerfean by Bovensmilde liket ûnder kontrôle. Twa blushelikopters hawwe de ôfrûne oeren liters wetter yn ien kear op it fjoer smiten. Omdat it feangebiet min tagongklik is foar swiere brânwachtweinen, is definsje om help frege. Tsientallen brânwachtminsken hawwe op peaskemoandei meiholpen de brân út te meitsjen. De gemeente Eaststellingwerf hat in needferoardening foar it gebiet ôfkundige. Nimmen mei deryn.