'PTC+ selsstannich fierder'

25 apr 2011 - 15:23

Dosinten en meiwurkers fan PTC+ yn Oentsjerk lizze harren net del by de sluting fan de praktykskoalle. Dat driget no't de eigner, de Aeresgroep, net langer meiwurkje wol oan de nije Dairy Campus by Ljouwert.

Mar de finansjele basis yn Oentsjerk is goed genôch om selsstannich troch te gean, fine meiwurkers en dosinten. In delegaasje fan de praktyksskoalle praat nije wike mei de direksje fan de Aeresgroep oer de takomstmooglikheden yn Oentsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)