'150 fuotbalfjilden yn brân'

25 apr 2011 - 14:17

De brân yn it Fochtelerfean is grutter as de brânwacht earder tocht. Neffens de nijste berjochten soe der wis 100 bunder natuergebiet yn de brân stean. Dat binne 150 fuotbalfjilden. Definsje hat twa blushelikopters beskikber steld. Dy kinne grutte kletsen wetter yn ien kear op it fjoer smite. De hope is dat de brân dêrmei gauwer ûnder kontrôle is.

Gewoane blusweinen fan de brânwacht kinne de twa brânen net goed berikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)