Dochs peaskefjoer Oerterp

25 apr 2011 - 08:08

Yn Oerterp is sneintejûn nettsjinsteande de droechte dochs in peaskefjoer oanstutsen. Oan it Selmien East hiene minsken in grutte bulte snoei-ôffal by elkoar brocht. Der stie in jarretank mei wetter njonken, as foarsoarchsmaatregel, maar dy hoegde net brûkt te wurden.

It peaskefjoer luts in soad minsken. De gemeente Opsterlân hie de peaskefjoeren net ferbean, mar hie wol advys jûn om gjin iepen fjoer te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)