Aris op omroplive.nl en radio

24 apr 2011 - 17:35

Omrop Fryslân is op peaskemoandei op ynternet en radio live by de twadde play-off-wedstriid fan de basketballers fan De Friesland Aris. De Ljouwerters nimme it dan op tsjin Nijmegen yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert.

Foar it earst is de wedstriid live te sjen op ynternet, op www.omroplive.nl. It begjint om 16:00 oere. Kommentator foar Omroplive is Roelof de Vries. Foar Omrop Fryslân Radio docht Koos Wieling ferslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)