Monumint foar Molukkers

24 apr 2011 - 16:38

By Rotsterhaule wurdt tiisdei in betinkingsmomunint ûntbleate foar in opfangkamp foar Molukkers. Yn De Wite Peal koene de Molukkers telâne nei't Nederlân him weromluts út Yndonesië. Se hiene mei de Nederlanners tsjin Soekarno fochten. It kamp sels bestiet net mear, mar de namme Kampwei is der noch wol. It monumint bestiet út in peal mei ynskripsjes. It is in inisjatyf fan de stichting Us Eigen Gea en it Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)