Soad hûnen út bûtenlân op show

24 apr 2011 - 14:32
  • Foto: Omrop Fryslân

De rashûneshow yn it WTC Expo yn Ljouwert hat noch nea sa folle bûtenlânske dielnimmers hân as kommende peaskemoandei. Dielnimmers út 23 lannen dogge mei oan de 44e edysje fan 'e iendeiske show. De minsken en de hûnen komme út ûnder oare Peru, Tailân en de Feriene Steaten, en in soad dielnimmers komme út East-Europa.

De organisaasje is wiis mei it ynternasjonale karakter fan de show. Yn septimber is yn Ljouwert de grutte Eurodogshow.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)