Priisfraach foar wynkrêft

24 apr 2011 - 13:09

It Noardfrysk Ynstitút yn Dútslân hat in priisfraach útskreaun foar beneamings hoe hurd de wyn waait. Dat kinne ek wurden yn it Westerlauwerks Frysk, sis mar 'ús Frysk', wêze. Fansels binne ek wurden yn it Noardfrysk en it Sealterfrysk tige wolkom.

De wynkrêft wurdt oars altyd yn Beaufort útdrukt. It ynstitút tinkt dat der ek Fryske wurden binne. Ynstjoerings moatte foar 1 septimber binnen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)