Aris ferliest earste play-off

23 apr 2011 - 21:37

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe de earste wedstryd fan de play-offs yn en tsjin Nijmegen frij kânsleas ferlern mei 84-71. Aris siet nea goed yn de wedstriid. By it skoft stie it 36-29. Yn it lêste kwart kaam Aris noch wol even wat tichterby, mar yn de slotfaze makke Nijmegen dien wurk.

Peaskemoandei is de twadde wedstriid yn sporthal It Kealledykje. Aris moat dan winne om kâns te hâlden in ronde fierder te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)