Bestjoerder oer kop by Dronryp

23 apr 2011 - 14:10

In automobilist (25) út Oudorp is freedtemiddei op de A31 by Dronryp oer de kop slein. Doe't de plysje by it ûngefal kaam, siet de bestjoerder neist de auto yn de berm. Hy mankearde neat. Hy wie fia de linkerfangrail oan de oare kant op de kop yn de boskjes bedarre.

De plysje hat it fermoeden dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie. Yn de auto fûnen se weed en hasj. De bestjoerder is dêrom meinommen nei it buro foar in bloedproef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)