Fraachtekens foarm Westra
Lieuwe Westra docht snein mei oan de foarjiersklassiker Luik-Bastenaken-Luik, mar it is noch net wis hoe't it mei syn foarm stiet. De hurdfytser fan De Tynje waard earder dit foarjier siik nei in goed optreden yn de trijedaachse fan De Panne. Westra miste sadwaande ek de Ronde van Vlaanderen.
Earder fan de wike ried Westra de Waalse Pijl mar stapte doe nei 170 km ôf.