Op de bon foar te hurd riden

22 apr 2011 - 20:34

Op trije lokaasje yn de gemeente Gaasterlân-Sleat hat de plysje freed ferkearskontrôles útfierd. Dat waard dien om't omwenners geregeld kleie oer ferkear dat te hurd rydt. Goed 150 bestjoerders krigen in boete. De kontrôles waarden hâlden yn Sleat, Aldemardum en Kolderwâlde.

De grutste oertreding waard metten op de Oordenwei yn Kolderwâlde. Dêr mei 80 kilometer yn de oere riden wurde. Ien bestjoerder ried 110.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)