Dokkum: biskop leit krúswei ôf

Biddend en sjongend stilstean by de lêste oeren fan it it libben fan Jezus Christus. In hûndert leauwenden rûn freed ûnder lieding fan biskop De Korte troch prosessypark De Kruisweg yn Dokkum. It park hat in bysûndere skiednis, want it is der yn de jierren '30 kaam op oantrún fan 'e jonge kapelaan Titus Brandsma.
Brandsma kaam yn 1942 om it libben yn konsintraasjekamp Dachau. De tolfde staasje is in tinkstien foar Titus Brandsma.