Wedstryd CVVO-Wolvegea útsteld

De wedstryd tusken de B-junioaren fan CVVO fan De Lemmer en FC Wolvegea fan tiisdei wurdt útsteld. Dat hat de KNVB freed besletten nei oanlieding fan slaanderij tusken beide klups. In jeugdspiler fan Wolvegea gie sneon troch it lint, makke in oertreding en bedrige immen mei de dea.
De tuchtkommisje fan 'e KNVB moat noch útmeitsje hokker straffen se útdiele. It liket de belutsenen sjoen de situaasje net handich om no tsjininoar te fuotbaljen.