Praktykskoalle Oentsjerk ticht

De kâns is grut dat PTC+ yn Oentsjerk ticht giet
PTC Plus, better bekend as de Praktyskoalle yn Oentsjerk, giet nei alle gedachten ticht. Dat is it gefolch no't de Aeres Groep, dêr't de Praktykskoalle ûnder falt, definityf net meidwaan sil oan de Dairy Campus yn Ljouwert.
Bestjoersfoarsitter Hans Verweij fan de Aeres Groep is teloarsteld oer it feit dat syn skoalle net meidocht oan de kampus. Boppedat soarget it ôfheakjen foar ûnrêst yn Oentsjerk, sa seit Verweij.