Fryslân tsjin akkoart mei ryk

22 apr 2011 - 14:42

It ryk hat tongersdei in foarriedich akkoart sletten mei de provinsjes oer de útwurking fan it regearingsbelied. It giet oer jild foar natoeroanlis en ûnderhâld dêr't noch in soad ûndúdlik oer is. Ek wol it ryk de jeugdsoarch oerdwaan nei de gemeenten en dêrby it jild dat de provinsjes dêr út eigen bûse oant no ta bypasten bydwaan. It giet lanlik om 90 miljoen euro.

Dêrom en omdat noch in soad ûndúdlik is, hat de provinsje Fryslân tsjin it akkoart stimd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)