Stroomsteuring troch fûgelnêst

It sintrum fan It Hearrenfean hie tongersdei in skoft gjin stroom (foto: Rudy Bouma)
In stielen tried yn in fûgelnest wie de oarsaak fan 'e grutte stroomsteuring fan tongersdei op It Hearrenfean. In krieënêst yn de haadlieding tusken It Hearrenfean en Raard wie fersakke, wêrtroch de tried de koartsluting feroarsake.
Netbehearder Tennet hat de stroom earst omlaat. Nei't it nêst fuorthelle wie, waard de lieding wer yn gebrûk naam. Tusken kertier oer trijen en fjouwer oere lei de stroom der út by sa'n 20.000 húshâldens.