Pieter Weening nei de Giro

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema sil takom moanne foar de Rabobankploech útkomme yn de Ronde fan Italië, de Giro. Dat hat de ploechlieding bekend makke.
Weening makket diel út fan in folslein Nederlânske ploech fan njoggen hurdfytsers. De Giro begjint op 7 maaie mei in ploegetiidrit yn Turijn en einiget op 29 maaie yn Milaan. Ferline jier debutearre Weening yn de Giro. Hy waard doe 24ste yn it einklassemint.