Finale Liet 2011 bûtendoar

De Fryske Switser Rob du Jardin is ien fan 'e finalisten (foto: Patrick Visser)
De finale fan it Fryske sjongfestival Liet 2011 wurdt dit jier yn de iepen loft hâlden. De organisaasje hat dêr foar keazen omdat Liet dit jier in jubileum fiert. It festival bestiet tweintich jier.
De iepenloft finale is op 4 juny op it plein fan de Kenniskampus Ljouwert, tusken de NHL en de Stenden University. Der dogge alve acts oan mei. De winner mei meidwaan oan Liet Ynternasjonaal, dat is dit jier yn it Italiaanske Udine.