5 kontenerbrantsjes Ljouwert

Der wiene op fiif plakken kontenerbrantsjes yn Ljouwert (foto; Anton Kappers)
De plysje ûndersiket ferskate kontenerbrantsjes yn en om de Ljouwerter Balistrjitte yn de nacht fan tongersdei op freed. De measte brannen koene troch de bewenners útmakke wurde. In gruttere kontenerbrân yn de Willem Loréstrjitte waard troch de brânwacht blust.
De skea bleau meast beheind ta de konteners sels. By ien brân ûntstie ek skea oan in reinpiip. De oare brantsjes wiene yn de Sundastrjitte en op de Archipelwei.