Plysje fynt fermiste famkes

Trije famkes út Ljouwert dy't de ôfrûne tiid fermist waarden, binne allegearre troch de plysje weromfûn. Twa famkes fan 14 en 15 wiene twa wike lyn fuortrûn út in opfanghûs.
Ien fan harren waard fan 'e wike al opspoard, it twadde famke waard mei help fan de plysje yn Amsterdam weromfûn. De bernerjochter hat bepaald dat de famkes foar har eigen feilichheid yn in sletten ynstelling ûnderbrocht wurde moatte. De plysje docht noch ûndersyk nei dizze saak.