Fargeulen foar plezierboaten

21 apr 2011 - 21:42

It is wer in stikje feiliger op it wetter wurden, no't yn de Grutte Brekken oan wjerskanten fan it Prinses Margrietkanaal saneamde rekreaasje-fargeulen yn gebrûk nommen binne. Justermiddei naam deputearre De Vries de fargeulen offisjeel yn gebrûk. Berops- en plezierfeart wurde op dizze wize by elkoar wei hâlden en dat is folle feiliger.

De nije fargeulen binne geskikt foar boatsjes mei in djipgong fan maksimaal 2.10 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)