Nije camperplakken yn Harns

It offisjele momint
Minsken mei campers hawwe tenei ek yn Harns in plak om in pear dagen te stean. Tongersdei binne by de Tsjerk Hiddes Slûzen 10 plakken offisjeel yn gebrûk nommen. Campergasten meie dêr foar 5 euro deis stean, mar wol maksimaal foar 3 dagen.
Der binne op it parkearterrein gjin foarsjennings oanlein, dêrfoar moatte minsken nei bygelyks de campings yn de buert. Wetter kin helle wurde neist Trebol yn de stêd.