Simmerske maitiid yn Fryslân

21 apr 2011 - 17:30
  • Foto: Omrop Fryslân

Fryslân belibbet op 't heden in simmerske maitiid. It is mei temperatueren fan 25 graden tsien graden te waarm foar de tiid fan it jier. Minsken genietsje fan it waarme waar. Troch de hege temperatueren gean minsken derop út, nei strân, wetter en bosken. De greidefûgels hawwe der lêst fan de hege temperatueren. Foar it peaskewykein wurdt ek moai waar foarsein. Begjin nije wike wurdt it in bytsje minder waarm, mar noch wol 20 graden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)