Pakken kokaïne fûn yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Snits 16 pakken kokaïne fûn. By it lossen fan in kontener by in bedriuw fûn in wurknimmer de pakketten. De kontener kaam út Súd-Amearika en wie oer Rotterdam nei Snits ferstjoerd.
De direksje krige it fermoeden dat it om drugs gie en skeakele de plysje yn. Ut ûndersyk die bliken dat it yndie om kokaïne gie. De plysje ûndersiket wêr't de drugs weikomme en foar wa't it wie. De drugs hawwe in wearde fan in miljoen euro.