'Biblioteek út Beursgebou wei'

21 apr 2011 - 16:37

De iepenbiere biblioteek moat út de haadfestiging de Beurs yn Ljouwert wei. Dat stiet yn de besunigingsnota op kultuer dy't wethâlder Diks tongersdei presintearre. De wethâlder fynt de 650.000 euro hier te heech.

Yn de nota stiet fierders dat poppoadium Romein en skouboarch De Harmonie mear gearwurkje moatte. Itselde jildt foar it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar en de Iepenbiere Biblioteek. De gemeenteried beslút op 27 juny oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)