Aktrise Tryater brekt knibbel

De kafeefoarstelling Sterk Staaltsje fan Tryater kin tongersdeitejûn en de kommende dagen net trochgean. Ien fan de haadrolspilers, Marijke Geertsma, hat in ûngemakje hân en de knibbel brutsen. De aktrise ferwachtet dat se op woansdei 27 april wer spylje kin.
Foar de foarstellings dy't ôfsein binne, binne nije data fûn. Minsken dy't al kaarten hawwe, kinne dy bewarje en brûke foar de nije dei.