Slaanderij by fuotbalwedstriid

© Omrop Fryslân
De fuotbalwedstriid tusken CVVO B1 De Lemmer en FC Wolvegea B1 is sneon út de hân rûn. Tsien minuten foar de ein op 'e Lemmer gie it mis. In spiler fan Wolvegea makke in oertreding op ien fan de spilers fan CVVO en bedrige him mei de dea.
In oare CVVO'er helle de Wolvegeaster fuort, wêrnei't dy dûm waard. Dêrnei begûnen hieltyd mear spilers harren dermei te bemuoien en waard der skopt en slein. In heit fan ien fan de CVVO-spilers rekke dêrby ferwûne.