Kandidaten Rôze Pompeblêd

It COC yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
It homoplatfoarm Fryslân siket kandidaten foar it Rôze Pompeblêd 2011. Yn oanmerking komme minsken of organisaasjes dy't harren ynsette foar de emansipaasje fan lesbiënnes en homoseksuelen. De priis bestiet út in sierspjelde. De priiswinner wurdt bekendmakke yn de Rôze Wike fan 23 oant 26 juny.
It homoplatfoarm hopet dat dit kear in soad organisaasjes ynbrocht wurde. Kandidaten moatte foar 1 maaie opjûn wêze by it COC yn Ljouwert.