Graffityprojekt yn Drachten

It Slingepark yn Drachten (foto: Omrop Fryslân)
Yn it Slingepark yn Drachten komme twa graffitymuorren. De muorren fan 4 en 6 meter lang en 2,5 meter heech komme neist it jongereinsintrum. Se moatte in oefenplak foar grafittykeunstners wurde.
De gemeente Smellingerlân stelt 7500 euro beskikber foar de muorren. Dy passe yn it grafittyprojekt dêr't de gemeente ferline jier mei útein set is. Dêrmei wol de gemeente oerlêst tsjingean en tagelyk grafitty as keuntsfoarm stimulearje.