Ferdieling portefúljes oanpast

21 apr 2011 - 14:22

Deputearre steaten hawwe yn de earste gearkomste in pear wizigings oanbrocht yn de ferdieling fan de portefúljes. Kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma sil de gearwurking tusken de grutte gemeenten koördinearje.

Deputearre Tineke Schokker hâldt tenei tafersjoch op de gemeentlike finânsjes. Johannes Kramer is ferantwurdlik foar de regionale útfieringstsjinst. Dy makket it foar ynwenners en bedriuwen makliker om fergunnnings oan te freegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)