Brângefaar grut mei peaske

Natuerbehearders meitsje harren soargen oer de kommende peaskedagen. Fanwege it moaie waar gean in soad minsken de natuer yn, mar dy natuer is tige droech en de kâns op brân nimt troch de drokte ta. Besikers binne wolkom, mar krije de fraach om dochs foaral net te smoken en ek net bûten de paden te kommen.
Troch de oanhâldende droechte driigje fjoeren fan grutte peaskebulten ek net trochgean te kinnen.