Cambuur: Beekmans fraachteken

It is noch net wis oft Paul Beekmans freed by Cambuur spylje kin yn de thúswedstriid tsjin Fortuna Sittard. Beekmans rekke op de lêste training blessearre. As er fit is, spilet Beekmans yn it sintrum fan de ferdigening.
Sandor van der Heide sil wer op it middenfjild spylje. By Cambuur is FC Grins-A junior Alim Oztürk taheakke oan de seleksje. Oztürk is in sintrale ferdigener. Cambuur moat freed winne om sicht te hâlden op de neikompetysje.