Sportstêd helpt skoalbern

Fryske skoalbern moatte mear bûtendoar sporte. Dat fine meiwurkers fan Sportstêd Hearrenfean. Foar skoallen is it faak djoer om bûtenaktiviteiten te organisearjen. Sportstêd komt no mei in spesjaal projekt dêr't alle skoallen út Hearrenfean oan meidwaan kinne. It jild komt fan bedriuwen dy't de basisskoallen sponsorje.
Yn in park op It Hearrenfean binne tongersdei tsientallen learlingen dwaande mei de bûtensport fan sportstêd.