'Keukensaak misbrûkt hinnen'

Argyffoto Omrop Fryslân
In promoasje-aksje fan in keukensaak yn Surhústerfean is ferkeard fallen by de Partij voor de Dieren. De eigner fan Keukenservice De Haan liet in pear wike ferlyn fiif hinnen los yn it sintrum fan it doarp. Se hiene in label om de poat mei in koade. Wa't ien fan 'e bisten fong, wûn in priis.
De dierepartij fynt dat de hinnen as boartersguod misbrûkt binne. De sûnens fan 'e bisten soe yn gefaar kommen wêze. Cor de Haan fan it keukenbedriuw is him fan gjin kwea bewust.