Fertochte manlju oanhâlden

21 apr 2011 - 11:33

Twa 31-jierrige ynbrekkers binne woansdeitenacht yn Wolvegea oanhâlden. Se diene fertocht by in auto oan 'e Pelstrjitte. In tsjûge seach dat en warskôge de plysje. Doe't dy kaam naaide ien fan de manlju út. De oare man, in Jouster, is oanhâlden. Letter is de twadde man ek oanhâlden.

Beide manlju sitte noch fêst foar ûndersyk. Harren auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)