Goede kâns op gemeentefúzje

21 apr 2011 - 10:43

De kâns liket grut dat de gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân fusearje. De rieden fan 'e trije gemeenten hiene woansdei in mienskiplike gearkomste. Dêr joech in mearderheid fan 'e partijen oan foar de fúzje te wêzen. Dêrby heart ek in oergong fan 'e doarpen Haskerdiken en Nijbrêge nei de gemeente Hearrenfean.

De trije gemeenterieden nimme nije wike woansdei in definityf beslút oer de fúzje, yn ôfsûnderlike gearkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)