Hurdriderij: 146 bekeurings

By twa kontrôles yn Grou en Terherne op hurdriderij hat de plysje woansdei 146 kear in bekeuring útdield. Mei-inoar waarden goed 1200 auto's kontrolearre. De measte bonnen wiene foar te hurd riden.
Op it Leechlân yn Grou waard in autobestjoerder op 'e bon slingere omdat er 112 kilometer yn 'e oere ried, wylst er dêr 80 mocht. Op de Jinshuzen yn Terherne ried ien 129, wylst dêr op syn heechst ek tachtich riden wurde mei.