Wapens fûn yn wenhûs Ljouwert

De plysje hat troch in tip fan in ynbrekker yn in hûs oan it Lenteklokje yn Ljouwert in partij ferbeane wapens fûn. De ynbrekker waard heard fanwege kriminele aktiviteiten. Doe't de plysje derhinne gie om te sjen, fûnen se in stroomstjitwapen, in neimakke wapen, patroanhulzen, ûnderdielen fan in fjoerwapen, in grut mes en fjouwer luchtdrukgewearen.
Alles is yn beslach naam. De bewenner fan it hûs krijt in proses-ferbaal.